PKN
Protestantse streekgemeente De Slachsang
 
Startzondag 2014 Startzondag 2014

Wat hiene wy in moaie snein en wat spile it waar mei! Om kertier foar tsienen makke de boat him los fan de kade, elts wie oan board. Al gau wie d’r kofje mei in stik oranjekoeke en waard d’r drok praat. It wie gesellich. Gretha v/d Hem hiet ús wolkom en winske ús in fijne dei ta. Ds. René krige it wurd en fertelde wat oer it jiertema.
 

Dernei krigen wy fan Annemarie de opjefte om wat te skilderjen of te knippen/plakken oer dit tema. Hoe sjogge wy ús libben en ús takomst. D’r waard omraak skildere. Ik leau dat d’r ek noch wol minsken boppe sieten oan dek, mar ûnder wie elts drok oan ‘t wurk. Grutten en bern. Miskien sjogge jim d’r noch wat fan werom yn tsjerke.
 

Wy wiene noch net earlik klear doe’t d’r al sop rûn brocht waard en dernei wiene d’r broadsjes, in kroket en wat te drinken. Dat foel d’r yn. Underwilens wiene wy al op de mar oankommen en sette de boat oan op Heech. Der gongen wy fan board en rûnen nei tsjerke.

Wat hiene wy in moaie tsjinst. René hie ferskate teksten út Preker as útgongspunt. Wy songen ûnder begelieding fan Henk Hofman op ‘e akkordeon en Nelie en Sarah op de fluit. Doe de lêzing en dernei in mimespul troch de bern. Wat hiene jim dat gau ynoefene, mei Pytie. Ytsen spiele it jonkje dat alle moais yn de wrâld wol seach, mar net troch hie dat hysels ek goeds die. Bygelyks troch in âld wyfke te helpen en blommen foar mem te sykjen. Ytsen dat hasto hiel fijn sjen litten en alle oare bern ek.
 

Doe kaam dûmny op ‘e tekst! Neffens Preker is it allegear neat. Alle wetter streamt nei de sé en de sé rekket nea fol! Wat moatte wy dermei? It is libbenskeunst om wat net te feroarjen is te akseptearjen mar d’r posityf mei om te gean. Foar de minsken dy’t d’r by wiene: De lytse Douwe stompte syn holle, mar heit joech treast. Dat wie de praktyk! De bern moasten in toer boue fan blokken, dat slagge earst net. Oan’t hja útfûnen dat de basis wat breder wêze moast! Soms kin je oan ús dûmny fernimme dat syn bern noch lyts binne en hy de taal fan de bern noch net hielendal praat! Restrikties!! Wat soe dat betsjutte? Dat joech wol hylariteit! Wy songen noch in pear kear en diene ús foarbeden ôfslúten mei In prachtige fiering weryn alle leeftiden in plakje hiene. Wy rûnen nei de segen fleurich de tsjerke út.
 

De toeristen seagen it oan. Je witte fansels net wat hja tinke, mar miskien moatte sommigen har idé oer tsjerkegongers wat bystelle! Doe wie it tiid foar in ijsko, lekker yn de sinne op in bankje. Werom nei de boat. Hawwe wy elts? Gelokkich wol.
 

Op de weromreis siet hast de hiele groep boppe, wer’t it goed sitten wie mei in drankje en letter in bakje thé. De bern boarten op de trep of diene spultsjes ûnder. It wie moai om te sjen hoe’t de leeftiden miksten. Fan trije/fjouwer jier oan’t njoggentich+ hiene in fijne dei!! Gretha slúte de startsnein ôf en winske ús wol thús. In wurd fan tank oan de tariedingskommisje is wol op syn plak. Tige, tige tank!!

Marja Boonstra

terug
 
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.